Frytsjam Natuurlijk hat de status fan in troch Aequor erkind opliedingsbedriuw. Foar learlingen fan middelbere beropsopliedings binne dêr mooglikheden om troch in lear-wurkoplieding it praktykdiel fan de oplieding yn it bedriuw te folgjen. Oan de learlingen wurdt de mooglikheid bean om yn alle fasen fan ‘e produksjeline de stúdzjeopdrachten te meitsjen yn it ramt fan praktijklearen.

Foar learlingen dy’t in BBL-oplieding folgje, biedt Frytsjam de mooglikheid ta wurkjend learen. In learwurkplak kin ien of twa jier duorje, ôfhinklik fan it nifo fan de learling en de te beheljen doelstellings.

Foar leerlingen dy’t in BOL-oplieding folgje, biedt Frytsjam de gelegenheid koarte staazjes te rinnen en al dwaande learprojekten/stúdzjepunten te heljen. Koarte staazjes fariiearje yn lingte fan 1 wike oant in heal jier, ôfhinklik fan de te beheljen doelstellings.

Oan (V)MBO-learlingen wurde staazjeplakken bean. Dat kin sawol yn ‘e foarm fan in wurkûnderfiningsplak bûten de skoallesituaasje of foar in simulaasjeplak en duorret maksimaal 3 moannen.

De begelieding fan de stazjêres wurdt dien troch Oane Kloosterman en Gerrit van Lune.

Frytsjam hat yn de rin fan jierren in protte ûnderfining opdien mei it begelieden fan learlingen mei in “beheining”. Dy learlingen fine oer it algemien dreech in staazjeplak binnen it reguliere bedriuwslibben. In protte fan dy learlingen komme út it Spesjaal ûnderwiis of it Praktykûnderwiis.

Troch de lytsskalige opset is Frytsjam in feilich en oersichtlik bedriuw, dêr t in soad romte is foar in persoanlike oanpak. Der wurdt sjoen nei wat de mooglikheden fan de stazjêre(s) binne. Doel is om de stazjêres aktyf, doelfêst en nuttich dwaande wêze te litten. Dêrneist krije âlle stazjêres in staazje- sertifikaat.