Weakje de beantsjes12 ûren yn’t foaren. Men brûket 4 kear sa folle wetter as beantsjes. Dan wetter ôfgiete en 2 kear safolle griente- as runderbouillon tafoegje. 1½ ure op sêft fjoer siede oan’t se gear binne. No en dan sjen of dêr genoch focht yn sit, oars wat tafoegje. It moat al sop wurde.  No en dan riere. Sopgriente lykas woartels, seldery, sipels as prei kin nei smaak meisean wurde. As alles gear is, efkes mei de staafmikser dêr troch en optsjinje mei fynhaksele hurde aaien en wat peterseelje. Tip: Krekt foar it opdissen in goede snjit sherry of madeira dêr troch dwaan. ©Frytsjam De Wedze 22A 9286 EV Twijzel 06-22916758 www.frytsjam.nl info@frytsjam.nl