Alle persoanen yn it bedriuw hawwe de soarch foar in goede persoanlijke hygiëne en hearre, yn elts gefal wannear’t sy yn kontakt komme mei it produkt, har wurk te begjinnen yn skjinne wurkklean. Meiwurkers dy’t by har wurk yn it bedriuw yn kontakt komme mei it produkt, moatte ûndersteande regels yn acht nimme: -se moatte skjinne hannen, earms en holle ha;-neils moatte koart knipt en as dêr gjin wanten droegen wurde, net lakt wêze;-lang hier moat fêstbûn wêze;-dêr wurde gjin sieraden droegen ûnder it sortear- en ferpakkingswurk. Allinich in glêde trouring is tastean.

-persoanen dy’t ûntstekkings, iepene wûnen ofhûdsykten oan ’e holle, nekke, earms of hannen ha, meie net yn kontakt komme mei libbensmiddels, foar safier dêrtroch de produkten ferûntreinige wurde kinne;
-Ek meiwurkers mei in besmettelike sykle, lykas tyfus, meie net yn kontakt komme mei de oanwêzige produkten;-As immen him ferwûne hat, moat de wûne goed ôfdutsen wurde mei in plakker dy’t wetter ôfstjit en mei in ôfwikende kleur ten oangeande it produkt. Boppedat kin in want foar ekstra beskerming soargje;-By it begin fan it wurkjen mei it produkt en nei elke besite oan it húske moatte de hannen waske wurde;-It is ferbean te smoken yn bediuwsromten, dêr’t it produkt oanwêzich wêze kin. By it wurkjenmei it produkt mei net iten, dronken of snobbe wurde. Linkjes foar fakânsjewurkers:
•www.jeugdloonwijzer.nl/main/minimumlooncheck
•jongerenloket.szw.nl/index.cfm?fuseaction=dsp_rubriek&rubriek_id=60024
•www.jipdenhaag.nl/thema.php?jipvar=10007&achtergrondvar=2
•onderwijsenbijverdienen.overheid.nl/Bijverdienen/webapp_bijverdienen
•www.belastingdienst.nl/
•www.svb.nl/internet/nl/regelingen/kinderbijslag/bijverdienen/index.jsp