Yn’e wynmakkerij wurde fjouwer soarten wyn makke yn beheinde poarsjes.
De fruchtewyn wurdt makke yn kontainers fan 1000 liter. Dêrut folje wy standaardflessen fan 0,75 ôf. Lytsere as spesiaalferpakkings kinne yn oerlis levere wurde.
De fessne wurde koarke mei in natuerkoark en ôfwurke mei in kapsule en in etiket. It hiele proses fan oansetten oan’t ôffoljen duorret 8 wike. Yn dy tiid wurdt de wyn trije kear filtere. It alkoholpersintaazje leit tussen 12 en 15 %.
Frytsjam makket ûnder oare wyn fan dúndoarn, flier, cranberry en sleeprom. In spesjaliteit is ús dúndoarnglühwein dy’t wy allinich yn ’e wintermoannen ferkeapje.
Ôfnimmers binne winkels (sliterij, supermarkt, delikatessen,VVV) en restaurants. Frytsjam wyn wurdt ek faaks tapast yn Krystpakketten en catering.
Grutte bestellings en bestellings út it bûtenlân wurde brocht troch in transporteur; lytsere bestellings út’e regio wurde troch Frytsjam sels by de klant brocht.