It measte fruit fan ’e fruitkwekerij wurdt ferwurke ta sop en jam. Frytsjam brûkt foar it swiet meitsjen fruktoline en biologyske reidsûker.
Der is ek in grut assortimint oan sop en jam op basis fan appeldiksop; dy produkten binne dêrom ek hiel geskikt yn in sûkerfrij dieet. In oerlis kin Frytsjam ek produkten meitsje mei oare swiete stoffen.
It sop wurdt parse út flearbei, aronia, dúndoarn, reade en blaue beien, cranberry, appels en parren en is sa as mei swietstof út foarried te leverjen yn 5 soarte maten:

* 0,2
* 0,3
* 0,5
* 0,75
* 1 liter

It sop is allinne mongen te leverjen, Frytsjam makket ûnder oare appel-flearsop,appel-aroniasop, appel-dúndoarnsop en cranberrysop.Yn oerlis kinne by Frytjsam ek oare kombinaasjes sop makke wurde, bygelyks nei jo eigen smaak. It jam-assortimint bestjit út:

* Ierdbei
* Blaue bei
* Dún (mix)
* Dúndoarn
* Aronia
* Cranberry
* Hûnebei

De jam wurdt levere yn ferskate soarten en maten ferpakkings; potten fan 250 oant 500 gram en amers fan 5 kilo foar bakkers en horeka.