As al it sop út de beien is, dan bliuwe dêr pitsjes en skyltjes oer. Dy pulp wurd droege mei waarme lucht. De geur en de kleur bliuwe behâlden en de droege pulp is hiel brûkber as grûnstof ûnder oare foar de tee en de kosmetika-industry. Frytsjam makket droege pulp fan flearbeien, aronia, cranberry en dúndoarn. De droegerij wurdt ek brûkt foar it droegjen fan krûden en Waadsee-griente.

Us blaue beien wurde befruchte troch hommels en bijen. De bijen meitsje fan ’e blaue beienektar en de nektar fan oare wylde krûden út it Waadgebiet hearlike hunig. Dy hunig wurdt troch Frytsjam op ’e merk brocht.