Op dit stuit wurde de beien út Twizel yn Dokkum ferwurke tot produkten as sop, ranja en wyn.
De produksjelinen foar it parsen, yndikjen, pasteurisearjen, wynmeitsjen en ôffoljen binne dêr. Mei de nijbou sil alle produksje nei Twizel ferfarre.
Produkten fan Frytsjam fine har wei nei de konsumint ûnder de merknamnen Waddendelicatesse, Wrâldfrucht, Frytsjam en Woudenbron (wyn). De kwaliteit fan alle produkten wurdt boarge troch it EKO-karmerk.
Frytsjam Natuurlijk belûkt har grûnstoffen út ferskate bronnen. Neist it fruit fan eigen tylt wurde oare grûnstoffen levere troch leveransiers út hiel Nederlân en Dútslân. Frytsjam Natuurlijk leveret har produkten ûnder oare oan de Poiesz-supermerken te Snits, de C-1000 supermerken en Mitrasliterijen. Dêrneist binne Frytsjamprodukten te besettten yn frijwol alle natuerwinkels, buorkerijwinkels en biologyske webwinkels yn Gryslân en de toerisktyske winkels op ‘e Waadeilânnen. Frytsjam leveret ek produkten oan in oantal restaurants ferspraat oer hiel Nederlân.