De flearbei (Sambucus nigra) is in ynlânske Europeeske strûk dy’t al sûnt de âldheid beskreaun wurdt as fertocht fan “magyske (lês: genees-) krêften”. Yn ûs streken wurdt de flear op it hiem oanplante, faaks neist in doar of finster om dêryn de (sykteferwekjende) miggen (lês: kweade geasten en/of heksen) te fangen.
Flear bloeit yn maaie/juny mei grutte wiete skerms. De beien binne earst grien en ferkleurje nei poarper-swart. De rispinge fynt plak fan de twadde wike fan augustus ôf.
Hoewol’t de blommen wol fuort wolle foar tee, limonade en yn pankoeken, rispet Frytsjam inkel de beien, ûngefear 7 kilo de strûk. De beien wurde, krekt as de oare fruchten yn’e kwekerij,mei de hân plôke.
De flear is de grûnstof foar in protte Frytsjamprodukten; jo fine se werom yn jam, ranja, sop, wyn en as droege parspolp foar de tee.