Dúndoarn (Hippophae rhamnoides) is twahuzich; der binne froulike en manlike strûken. Om beien to krije ha je beide nedich. De befruchting fynt plak troch de wyn. Dúndoarn komt fan oarsprong út Tibet, China, Mongolië en Súdeast-Siberië. Yn ús streken is se boppe al in kustplant, om’t se goed oer it sâlte grûn kin. Dúndoarn hâldt fan fochthâldende, kalkrike, humusearme sângrûn. De beien befetsje sa ‘n njoggen kear mear fitamine C as citrusfruchten. De fruchtjes binne ek ryk oan fitamine A, B en E. Fjierder sit der yn Dúndoarn in protte anti-oxydanten lyk as flavonoïden, dêr’t wittenskippers fan tinke dat dy stoffen in beskermjende wurking tsjin kanker en hert- en bloedfetsykten hawwe. Dúndoarn is ek ryk oan sterolen dy’t in beskermjende rol spylje soene by it opnimmen fan cholesterol út’e terms. Hiel bysûnder is dat Dúndoarn ryk is aan fitamine B12, dat fierders allinich yn bisteprodukten (fleis) to finen is. De B12 yn Dúndoarn wurdt makke troch in mikro-organisme dat yn de siedskilen libbet. Dêrtroch is Dúndoarn in belangrike oanfolling fan it fegetarysk dieet. Yn’e natuerlike en hûsapteek is dúndoarnoalje bekend fanwege de geunstige wurking op’e hûd en slymfluezen. De oalje wurdt tapast by hûdproblemen (acné, psoriasis, exceem) en ferwûnings (b.g. brânwûnen). Dúndoarn is ek bekend fanwege it hege gehalte oan foliumsuer, in wichtige stof foar en by de swangerskip.