De Blaue bei (Vaccinum Corymbosum) komt fan oarsprong út it noardoasten fan Noard-Amerika en is famylje fan’e Cranberry en de Hûnebei.
Blaue bei wurdt faaks ferwiksele mei har lytse suske de Boskbei; Blaue Beiestrûken kinne lykwols 1,5 oan’t 2,5 m heech wurde.
By Frytsjam wurde ferskate soarten Blaue bei kweekt sa dat it rispjen ferspraat plak fine kin.
Blaue bei befettet ek in protte fitamine C (13 mg per 100 gram farske bei) en dêrnjonken B1, B2, Calcium en Izer.
Yn’e natuer- en hûsapteek wurdt Blaue bei ynset by it sûn hâlden fan’e bloedsomloop en de eagen en wurdt dêr ûndersyk dien nei de effekten op sûkersykte (Diabetes Mellitus).
Blaue beiefruchten binne hearlik om sa to iten, mar fine ek graach harren wei yn selsmakke jam, sop en wyn.