Aronia heart by de famylje fan de Rosaceae en komt fan oarsprong út it oasten fan Noard Amerika, Noard- en East-Europa.De donkere, pears-swarte beien rypje yn’e neisimmer en hjerst en wurde fan âlds ôf tapast as grûnstof foar wyn en sop en as sûnensmiddel. Tsjintwurdich wurdt aroniasop benammen brûkt as natuerlike kleurstof, om frisdranken en fruchtesoppen djipper read to kleuren.Ut gemyske analyses komme opfallend hege konsintraasjes anti-oxydanten (polyphenol, anthocyanide en proanthocyanide) en flavonoïden nei foaren. Oan dizze stoffen wurdt in ûntstekingsremjende en in allergy-remjende wurking taskreaun; de stoffen soene benammen in geunstige wurking hawwe op it ymmúnsysteem. Daarneist wurde positife ynfloeden betocht op’e urinewegen (beskerming), de bloedsomloop (stimulaasje) en it hert (fersterking). Wittenskippers fermoedzje ek dat de anti-oxydanten in kankerremjende en cholesterolferleegjende wurking hawwe; dêr wurdt fierder ûndersyk nei dien. De Aronia is genetysk ferwant oan’e Cranberry, mar soe fiif oan’t tsien kear mear anti-oxydanten befetsje, dus ûntstekingsremjend wurkje. Aroniasop en Cranberrysop wurde beide as hûsmiddel ynset by it foarkommen en ferhelpen fan urinewei-ynfeksjes.