De hjoeddeistige hôf hat in grutte fan 2,5 hektare. Neist flierbeien foarmje Dúndoarn en Blaue beien de grutste oanplant. De Aronia of Apelbei is de fjirde tylt.
Yn 1995 waarden de earste flierbeistrûken oanplante; de kwekerij hie doe de namme De Wedzekamp, neamd nei it perseel lân dat al fan begjin 1800 ôf yn besit is fan’e famylje Kloasterman.
Sûnt it begjin is de kwekerij útgroeit fan 0,5 ha nei 3,5 ha. Dêr is no in fariearre oanplant besteande út:

•450 flierstrúken
•1000 wiifkes dúndoarnstrúken
•140 mantsjes dúndoarnstrúken
•3500 blaue beienstrúken
•90 aroniastrúken (apelbei)

De kwekerij wurdt oan’e noardkant begrinse troch in moaie âlde beamwâl en beide stikken lân binne omjûn troch toarnbeien.
It hôf wurdt yn juli 2008 foar it earst iepenstelt as selsplôktún foar partikulieren. Leafhawwers kinne it fruit sels plukke en ôfrekkenje op gewicht.
Spesjaal foar de plukkers wurde yn’e maitiid noch in oantal ekstra fruitsoarten oanplante, wêrunder de ytbere koetsjekralen en wichters, in lytse ynlânske prûmesoarte.