banner-van-eigen-erf

grut assortimint biologische fruitprodukten

Oer Frytsjam

Frytsjam is in fruitkwekerij mei in eigen ferwurking fan biologyske beien. Sûnt 1997 wurdt it bedriuw laat troch Oane Kloasterman. Frytsjam is ien fan de grutste biologyske fruitferwurkers fan Noard-Nederlân. It is de grutste leveransier en spesjaal fabrikant fan streekprodukten sa as erkinde streekprodukten út de ûmjouwing fan it Waadgebiet. Frytsjam leit op 20 km fan’e see yn Twizel yn’e Fryske gemeente Achtkarspelen.
Op’e biologyske fruitkwekerij is in Flearbei-, in Aronia, in Dúndoarn- en in Blaue beienplantaazje. De totale grutte is 2,5 hektare.

Frytsjam makket fan ferskate soarten bysûndere fruchten en seegrienten út it Waadgebiet sjerp, sop, sjem, puree en hûning, wyn en jittik. Dêrnjonken leveret Frytsjam grûnstoffen foar moster, tee, kosmetika en snobbersguod. Al dizze produkten wurde op ambachtlike wize makke en komme op’e merke ûnder oaren ûnder de nammen, Woudenbron, Frytsjam en Wrâldfrucht.
De measte produkten binnen sûkerfrij! Yn’e ferwurking meitsje wy gebrûk fan fruchtsûker chichorei of fan apeldiksop.
De hiele bei wurd brûkt, der giet neat ferlern. As it sop parse is wurdt de pulp dy’t bestiet út oerbleaune skyltsjes en pitsjes droege en brûkt yn bygelyks beietee, moster en dúndoarnskrup.

Frytsjamprodukten wurde mei makke troch minsken mei in sosjale beheining of in psychiatryske eftergrûn. Ekstra reden om ús lekkere produkten to keapjen! Yn syn frije tiid is Oane Kloasterman in fanatyk Waadrinner. As Waadringids lit hy in protte minsken de pracht fan it Waad sjen.